Jaap Stalenburg seit lidmaatskip PvdA op

22 mrt 2018 - 19:01

PvdA-riedslid Jaap Stalenburg fan It Hearrenfean seit syn lidmaatskip fan de pleatslike partij op. Hy docht dit omdat er frustrearre is oer de proseduere foar de kandidaatstelling en de wize wêrop't it bestjoer fan de partij yn de gemeente It Hearrenfean dêr mei omgien is.

Op syn twitter seit er: "Ik ben heel boos!" De PvdA helle by de ferkiezingen woansdei seis sitten. Nei it tellen fan de foarkarstimmen is Stalenburg op it achtste plak telâne kaam. De listtriuwer fan de partij, de 70-jierrige Betty van der Ven, komt boppe him te stean.

(advertinsje)