Dijkstra Draisma nominearre foar ûndernimmerspriis

22 mrt 2018 - 18:42

Bougroep Dijkstra Draisma út Boalsert is nominearre foar de ûndernimmerspriis Koning Willem I. Dy priis wurdt ien kear yn de twa jier útrikt oan ûndernimmingen dy't grut ûndernimmerskip toand ha. Yn totaal binne alve ûndernimmingen nominearre.

Keninginne Máxima is earefoarsitter fan de Koning Willem I Stichting. Ein april wurde de trije finalisten bekend makke. In moanne letter wurdt bekend wa't de winner is.

Dijkstra Draisma is nominearre yn de kategory MKB. Der is ek noch in priis foar it grutbedriuw en in priis foar duorsum ûndernimmerskip.

(advertinsje)