Wie Dokkum it lêste plak mei in sinteklaasyntocht?

22 mrt 2018 - 18:01

Dokkum is miskien wol de lêste stêd dêr't in lanlike yntocht fan Sinteklaas west hat. Want der is noch net ien gemeente dy't him oanmeld hat om de lanlike yntocht dit jier te organisearjen. Dat meldt RTL Nieuws.

De NTR, dy't de yntocht op telefyzje útstjoert, hat in brânbrief stjoerd oan it Nederlânsk genoatskip fan boargemasters. De tiid om in yntocht te organisearjen wurdt nammentlik hieltiten krapper. De omroporganisaasje seit dat dy allinne mar riede kin nei de reden wêrom't gemeenten har net melde.

We wolle net dat der op dizze manier in ein komt oan in tradysje fan 66 jier, seit de NTR.

Trefwurden: 
Dokkum NTR Sinteklaas yntocht
(advertinsje)