Curling Club Friesland liftet mei op sukses Olympyske Spelen

22 mrt 2018 - 17:53

De Curling Club Friesland hat flink profyt fan it sukses fan curling by de Olympyske Spelen en de curling kwis op telefyzje. De klup ûntfangt freed de 1500ste dielnimmer oan in curling clinic, yn iisstadion Thialf op It Hearrenfean. It tal clinics dêr is it ôfrûne seizoen ferdûbele. De Curling Club Friesland is mei fyftich leden ien fan de grutste fan Nederlân.

(advertinsje)