Sprong yn Twadde Keamer wie "ultime skreau om oandacht"

Kannabis-aktivist Doede de Jong fan Appelskea tinkt dat Hans Kamperman mei syn aksje hopet om "idiotery om de kannabis-matearje hinne troch te brekken. Syn died moat fungearje as brekizer." De Jong is in freon fan Kamperman, dy't tongersdei yn de Twadde Keamer fan de publike tribune sprong.
Schreeuw om aandacht
"It wie in ultime skreau om oandacht", seit De Jong. "Hy stiet al in pear moanne foar de Twadde Keamer, mar krijt gjin gehoar. Hy fynt himp in geweldige plant, sawol medisinaal as rekreatyf."
"Domme ferbod opheffe"
Hielendal as ferrassing komt de aksje fan Kamperman net foar De Jong. "Kinst no wol neigean hoe heech it him sit. Hy fynt it hiel belangryk. De represje fan kannabis liedt allinnich mar ta mear kriminaliteit. De regearing moat it domme ferbod opheffe."
"Lit eltsenien sels bepale wat er wol of net yn 'e tún hat", seit De Jong. "Minsken dy't it ferkeapje wolle, skriuwe harren dan yn by de Keamer fan Keaphannel en betelje belesting. Dan kinst ek de kwaliteit kontrolearje en is it hiele probleem de wrâld út."
Hoe't it no mei Kamperman is, wit De Jong net krekt, mar "ik miende dat er freed it sikehûs alwer út koe."
Rjochtsaak
Ferline jier bestege De Jong yn in vlog oandacht oan in rjochtsaak tsjin Hans Kamperman.