Skoalbern te gast by Wetsus op Wrâldwetterdei

22 mrt 2018 - 17:10

Bern bewust meitsje dat der hieltyd minder wetter yn dizze wrâld is en harren neitinke litte oer oplossingen. Dat wie it sintrale doel op Wrâldwetterdei foar de learlingen fan basisskoalle De Pionier út Ljouwert. Se wienen te gast by wetterynstitút Wetsus om mei te dwaan oan de bright idea hub, in kombinaasje fan spultsje dwaan en kennis meitsje mei wettertechnology.

De learlingen fermakken harren prima, mar in soad hiene gjin idee dat it wetter op dizze wrâld op ferskate plakken krap is of hielendal op rekket. Dat wetter wichtich is foar it libben op ierde witte se wol allegearre.

Ferline wike en dizze wike krije 700 learlingen út Fryslân de kâns om op it terrein fan Wetsus kennis te meitsjen mei wettertechnyk en alles wat dêrmei te krijen hat. De hoop is dat guon fan harren aansten, as se wat âlder binne, in stúdzje yn dizze rjochting kieze sille en sa in bydrage jaan kinne oan de oplossing fan it wetterprobleem.

(advertinsje)