Tim Douwsma komt mei nij nûmer 'Lachen in de regen'

22 mrt 2018 - 16:32

De fans hawwe der efkes op wachtsje moatten, mar freed komt de nije single fan Tim Douwsma út. It nije nûmer fan de út Drachten ôfkomstige sjonger hjit 'Lachen in de regen' en is opnaam yn Ljouwert by Robert Dorn. De Nederlânsktalige tekst is skreaun troch singer-songwriter Nielson, bekend fan it nûmer 'Sexy als ik dans'.

"It kaam ynienen op myn paad dat ik Nielson trof by in optreden", seit Douwsma yn it radioprogramma De middei fan Fryslân. "Hy frege hoe't it mei my wie en oft ik mei nije dingen dwaande wie. Hy hie noch wol in nûmer lizzen dat miskien geskikt wie foar my." Neffens Douwsma is it nije ferske in hiel fris en fleurich maitiidsnûmer. "Ik kin net wachtsje, dat elkenien it hearre kin. De earste reaksjes binne hartstikke posityf, dus dat is superleuk."

Dit jier sil Douwsma mear muzyk útbringe. Foar de simmer komt der noch in nije single en yn 'e hjerst wol er in ballad útbringe. Fierders sil er dwaande mei in pilot foar in nij telefyzjeprogramma. Neist sjonger is de âld-Drachtster ek presintator en akteur.

Trefwurden: 
Tim Douwsma muzyk
(advertinsje)