Besikerssintrum Ofslútdyk yn Koarnwertersân iepene

Yn Koarnwertersân is tongersdeitemiddei it Afsluitdijk Wadden Center iepene. Dat is it besikerssintrum dêr't minsken fan alles te witten komme kinne oer it Waad, it Iselmargebiet, de fiskmigraasjerivier dy't der komt en oer de Ofslútdyk sels.
Minister Cora van Nieuwenhuizen en deputearre Klaas Kielstra iepenen it Wadden Center tegearre. It besikerssintrum is ûnderdiel fan it programma De Nieuwe Afsluitdijk. Dat hat as doel om de ekonomy fan Fryslân en Noard-Hollân in ympuls te jaan, mei allegear projekten op it mêd fan duorsume enerzjy, natuer, rekreaasje en toerisme.