Suksesfolle banemerken Talant krije ferfolch

22 mrt 2018 - 15:14

De banemerken fan soarchorganisaasje Talant hawwe oant no ta wurk opsmiten foar 45 minsken. Dat kinne der mear wurde, want der binne noch petearen pland mei minsken dy't ek sollisitearre ha. Talant hat de ôfrûne wiken fiif banemerken organisearre, omdat der ferlet is fan personiel. Dan giet it om fêste banen, mar ek bygelyks tydlik wurk of fakânsjebaantsjes.

Fanwegen it sukses fan de earste fiif komme der noch fjouwer banemerken, yn maaie.

(advertinsje)