Ferlies FNP yn De Fryske Marren ien sit minder grut as tocht

© Omrop Fryslân, Oane Hoekstra
De FNP yn De Fryske Marren hat dochs krekt wat minder ferlern by de gemeenteriedsferkiezingen as earst tocht waard. De partij ferliest net trije, mar twa sitten en komt no op sân. Dat kostet GrienLinks in sit. Dy krijt net trije, mar twa sitten yn de gemeenteried fan De Fryske Marren. De wiziging yn de útslach komt troch in flater op in stimburo yn Nijemardum. Dêr waarden te min stimmen foar it CDA en de FNP ynfierd. Dat is nei in kontrôle rjochtset.
Foarkarstimmen
CDA'er Geeske Homma Visser (plak 9) en Marc van Niekerk fan de VVD (plak 5) komme mei foarkarstimmen yn de nije ried. Dêrtroch komme Geeske Holtrop (CDA) en Olaf Storms (VVD) net yn de ried.