Tsjûgen socht fan oanriding fytser op It Hearrenfean

22 mrt 2018 - 14:07

De plysje siket tsjûgen fan it ûngelok op de Ljouwerterstrjitwei op It Hearrenfean, wêrby't woansdeitemoarn in 13-jierrich jonkje út Aldeboarn slim ferwûne rekke. It jonkje botste op it fytspaad tsjin de auto fan in 54-jierrige bestjoerder út Oranjewâld, dy't fan de Ljouwerterstrjitwei ôfsloech nei de Windas en derby it fytspaad oerstekke moast.

Krekt foar it ûngelok liet de bestjoerder in oare fytser foargean. De plysje is benijd nei it ferhaal fan dizze fytser. It jonkje leit yn kritike tastân yn it sikehûs.

(advertinsje)