Selstraf easke foar ferkrêfting fan 88-jierrige frou

22 mrt 2018 - 13:59

Tsjin in man fan 32 út Stiens is tongersdei 30 moanne selstraf easke fanwege it ferkrêftsjen fan in 88-jierrige frou. De bewenster fan in senioareflat oan it Europaplein yn Ljouwert waard augustus 2016 bedrige, mishannele en ferkrêfte. De frou rekke dêrby ferwûne en hat noch hieltyd lêst fan de oanfal. 

De fertochte belle op 3 augustus 2016 by de frou oan en sleepte it heechbejaarde slachtoffer mei de lift yn. Dêr mishannele, ferkrêfte en bedrige er har. Doe't de frou yn ûnmacht op de grûn lei, trape er har noch tsjin de holle oan. It slachtoffer is ferwûne nei it sikehûs brocht. De âldere frou is hjoed-de-dei noch bang, hat lêst fan hertkloppingen en belibbet de bange mominten hieltyd wer opnij. 

DNA Match

De Stienzer koe yn juny 2017 oppakt wurde om't syn DNA yn de lanlike databank stie. De man wie de flat yngien om't er leaude yn komplotten en tocht dat minsken efter him oan sieten. Yn syn waan tocht er dat er wat slims dwaan moast om syn efterfolgers ôf te skrikken. 

De fertochte hat groanyske psychyske problemen dy't slimmer waarden troch it brûken fan in protte drugs en alkohol. Om werhelling foar te kommen is neffens deskundigen fan it Piter Baan Sintrum yn Utrecht in twongen behanneling needsaaklik. 

Op 5 april docht de rjochter útspraak.
 

(advertinsje)
(advertinsje)