Fries Will Davey skoart ynternasjonale hit mei Escobar

22 mrt 2018 - 14:44

Hy is 18 jier, komt fan De Hommerts en is yn Mauritius ferneamd mei syn elektroanyske moombahton-hit Escobar: Wietze Wempe, of better Will Davey. Op ynternet stean meardere útfieringen fan syn nûmer. It YouTube-filmke hjirûnder is yn goed in moanne tiid al mear as 30.000 kear besjoen. Neffens Wietze is syn track allinnich al yn Mauritius 10.000 kear besjoen. "De styl fan it nûmer is dêr bêst wol grut", ferklearret er it sukses. Moombahton is in soarte fan Braziliaanske muzyk mei reggeaton-ynfloeden, dêr't in soad op dûnse wurdt yn diskoteken. 

Ynternasjonaal

Wietze docht de oplieding Sound Design by D'Drive yn Ljouwert en hat it nûmer op syn kompjûter makke. "Ik spile al folle piano en woe dat fierder bringe. Doe haw ik op myn kompjûterke programma's ynstallearre. Dêrmei haw ik muzyk makke en sa is it nûmer ûntstien." Sa fertelde er yn it radioprogramma Muzyk yn Bedriuw. Dêrnei hat er it nei in YouTube-kanaal stjoerd en is it ynternasjonaal oppikt. It komt dus goed út dat er it nûmer net útbrocht hat ûnder syn eigen namme, mar as Will Davey. "Wietze Wempe is gewoan in Fryske namme, mar ik fûn dat it ynternasjonaler moast."

Gearwurking

It hat wol efkes duorre, foardat it nûmer klear wie. Dat hat er dien mei syn klassegenoat Michael Fortera. "De plaat stie der al in jier en hy sei: moatst him ôfmeitsje. Doe hawwe we dat tegearre dien." Will Davey hat yntusken ek al oanbiedingen út it bûtenlân wei krigen. "Twa wiken lyn krige ik in mailtsje fan in man út Miami. Dy fûn it nûmer fet en frege oft ik mei him in track meitsje woe. Ik tocht, wat gebeurt my no? Superleuk, doen!" Wietze sjocht it wol sitten om troch te gean mei it meitsjen fan elektroanyske muzyk. "Ik hoopje noch in soad út te bringen."

(advertinsje)