Earste ljipaai yn de skiednis fan Waadhoeke fûn

22 mrt 2018 - 12:31

It earste ljipaai yn de skiednis fan de gemeente Waadhoeke is woansdei om 16:00 middeis fûn troch Kevin Jordi Hiemstra út Stiens. It giet om in twake dat er flakby Bitgummole fûn. De fûgelwacht hat it aaike kontrolearre en goedkard. Kevin Jordi krijt tongersdeitemiddei op it gemeentehûs fan Waadhoeke yn Frjentsjer fyftjin euro finerslean en in sertifikaat fan boargemaster Hayo Apotheker. Ek krijt er in Sulveren Ljip.


 

Trefwurden: 
ljipaai aaisykjen
(advertinsje)