Wat komt der dalik yn it nije Wadden Center?

22 mrt 2018 - 14:00

It moat de provinsje in toeristyske en ekonomyske ympuls jaan: de nije Ofslútdyk. Mei dêrop as blikfanger it Afsluitdijk Wadden Center. De seekearing krijt de kommende jierren in grutte opknapbeurt, en moat dêrnei as poarte nei Fryslân de besikers wolkom hjitte. Tongersdei wie it nije Afsluitdijk Wadden Center foar it earst fan binnen te besjen. 

Besikers fan it it Afsluitdijk Wadden Center krije in byld fan de omjouwing en de projekten dy't yn de takomst plakfine sille by de Ofslútdyk. Sintraal dêryn stiet de striid fan ús lân tsjin it wetter; yn it ferline, mar ek yn de takomst. De finansiering fan de bou fan it nije plak leit by it Ryk, Rykswettersteat en de omlizzende provinsjes.

Foar bûtenlânske toeristen dy't yn it sintrum de eksposysjes folgje wolle, is in spesjaal oersetsysteem betocht dat yn tsien ferskate talen te beharkjen is. By dizze eksposysje is ûnder oare de orizjinele wurkkeamer fan de grûnlizzer fan de Ofslútdyk, Cornelis Lely, te sjen. Yn dizze wurkkeamer lizze bygelyks stikken en syn buro dêr't de Ofslútdyk op tekene waard. Mei 'de Nieuwe Afsluitdijk' wolle it Ryk en de omlizzende provinsjes wurkje oan in feilige en duorsume dyk.

Yn de rin fan 2018 moat ien fan de meast bysûndere ûnderdielen fan de dyk klear wêze: Aquavista, in flecht oer de dyk yn 4D.
 

(advertinsje)