Ljouwerter ferbrânt matras yn tún, om't it 'net lekker lei'

22 mrt 2018 - 11:28

De plysje hat in bewenner fan de Willem Lodewijkstrjitte yn Ljouwert woansdeitemiddei op de bon slingere, om't hy yn syn tún syn matras ferbrânde. Dêr kaam in soad reek by frij. Neffens de Ljouwerter lei it matras net lekker.

Hy seach it yllegaal fjurkestoken boppedat as in goede oefening foar de brânwacht. De plysje seach it mear as in miljeu-oertrêding en makke proses-ferbaal op.

Trefwurden: 
matras brân Ljouwert
(advertinsje)