Plysjeman ferwûne by oanhâlding drankrider

© Jochem Schuiling
In 39-jierrige drankrider út Ljouwert hat woansdei by syn oanhâlding in plysjeman ferwûne. De man fersette him bot tsjin syn oanhâlding. Plysjes hiene de man op de Tjerk Hiddesstrjitte oan de kant set. Al gau wie dúdlik dat de bestjoerder tefolle drank op hie en dat hy net meiwurkje woe.
By de wrakseling om de man út syn auto te krijen rekke in plysje ferwûne oan syn tomme. Hy moast foar behanneling nei it sikehûs. Tsjin de Ljouwerter is proses-ferbaal opmakke foar it riden ûnder ynfloed en ferset by syn oanhâlding.