'Grutsk!'-poster FNP wint lanlike priis

22 mrt 2018 - 11:14

De poster fan de FNP foar de weryndielingsferkiezingen yn Súdwest-Fryslân is de bêste ferkiezingsposter fan Nederlân. Dat fine lêzers fan it blêd fan de Vereniging Nederlandse Gemeenten. De poster is ûntwurpen troch âld-riedlsid Jelle Gerbrandy. Der is in skets fan in lyts famke op te sjen, dy't de tomme omheech stekt. Derûnder stiet it wurd 'Grutsk'. Gerbrandy wie ynspirearre troch in kampanjeposter fan de Amerikaanske presidint Barack Obama.
 

Trefwurden: 
FNP polityk
(advertinsje)