Festival CityRock giet dit jier net troch

22 mrt 2018 - 10:53

Ferline jier slute de bekende hardrockband Europe de fjirde edysje fan CityRock noch ôf, dit jier giet it rockfestival yn Ljouwert net troch. Ek de edysje yn Eindhoven, ferline jier foar it earst, giet net troch. As reden fan it útfallen fan de festivals neamt de organisaasje dat der gjin passend oanbod oan geskikte en betelbere bands is. Foar dit jier soe Madness komme, mar dy koe allinnich op in oare datum en de organisaasje krige dat net op tiid rûn mei de gemeente.

Yn it ferline kamen grutte nammen as Within Temptation, Uriah Heep, De Staat en Queensrÿche nei it sintrum fan Ljouwert. De organisaasje hat al wol oanjûn dat se yn 2019 wer in CityRock hâlde wol.

(advertinsje)