Feanster tsiismakker Royal A-ware bout mozzarellafabryk

22 mrt 2018 - 10:26

Tsiismakker Royal A-ware sil in twadde fabryk bouwe op It Hearrenfean, foar de produksje fan mozzarella. It bedriuw hat foar it nije fabryk 300 miljoen kilo ekstra molke nedich en is begûn mei in winningskampanje ûnder boeren yn it Noarden. It mozzarellafabryk sil de earste wêze yn Nederlân.

As alles neffens plan ferrint, kin de earste peal begjin takom jier de grûn yn. De produksje soe dan yn 2020 úteinsette. Nei alle gedachten hat it nije fabryk plak foar tachtich wurknimmers. A-ware makket net bekend wat de plannen kostje.

1,5 miljard kilo

Tegearre mei it besteande fabryk komt der in kompleks dêr't jierliks 1,5 miljard kilo molke ferwurke wurdt. A-Ware giet der fan út dat der genôch molke beskikber is foar it nije fabryk. Wol sil it gebiet dêr't de molke wei helle wurdt mooglik fergrutte wurde oant bûten de noardlike provinsjes. Oant no ta wie dat net it gefal.

Yndustriële fariant

De mozzarella fan A-ware is net bedoeld foar levering oan supermerken yn Nederlân. It giet om in yndustriële fariant fan de mozzarella, bedoeld as yngrediïnt foar de itensyndustry. Mei help fan it netwurk fan de Nij-Seelânske partner Fonterra wurdt mikt op de merk yn Azië, Súd-Amearika en Europa.

Buffelmolke

Mozzarella wurdt oarspronklik makke fan buffelmolke. Dy fan A-Ware wurdt fan kowemolke makke. Ek Friesland Campina makket Mozzarella fan kowemolke, foaral yn Dútslân.

(advertinsje)