Ungelok by Escherakwadukt: problemen foar ferkear foarby

Argyffoto © Kappers Media
By it Escherakwadukt op de Drachtsterwei yn Ljouwert is tongersdeitemoarn in ûngelok bard. Hjirtroch hat de dyk koarte tiid ôfsletten west foar it ferkear. Allinnich de stêd yn wie ien rydstrook iepen. Minsken dy't de stêd yn as út woene koene fia de Wâldwei omride. It gefolch hjirfan wie dat it dêr ek fêstrûn.