Kollum: "Doarpsbelang"

22 mrt 2018 - 07:28

"It duorre even foar't ik it yn 'e gaten hie. Sterker noch: ik hie al stimd, en doe kaam ik der achter. Hjir yn Amsterdam bringe wy mei de gemeenteriedsferkiezingen twa stimmen út: ien foar 'de stad' sa't it hjir hjit, foar de gemeenteried fan de folsleine gemeente Amsterdam, en ien foar it stedsdiel. Dat wie altyd de 'stadsdeelraad', mar dat is net mear sa. It hjit no de 'stadsdeelcommissie'.

Oant sa'n acht jier lyn wie ús haadstêd ferdield yn fjirtjin stedsdielen. Dat moast minder, dus doe kaam der in weryndieling en wiene it der noch mar sân. Dat foldie net. Alle stedsdielen hiene de omfang fan in middelgrutte gemeente, en sa hie de gemeenteried fan de stêd dus hast neat mear te sizzen. Dus it moast wer oars. Der kamen yn 2014 bestjoerskommisjes. En dy binne dizze wike ferfongen troch stedsdielkommisjes. Snapsto it noch?

Somtiden fyn ik it ek net sa gek dat se hjir sizze dat it dochs net útmakket watst stimst en dat de manlju en froulju heech yn 'e Stopera dochs dogge wat se sels wolle. Want dêr liket it al op, dat de sintrale gemeenteried alle macht nei harren ta lutsen hat. Ek al meie we no dus stimme foar die stedsdielkommisje.

Ik moast tinke oan Skearnegoutum, dêr't ik opgroeid bin. Dêr is it wat simpeler, en al jierren itselde. Al salang't ik wit hast dêr Doarpsbelang. In bestjoer dat fergaderet oer de bermen fan de Ivige Leane, parkearproblemen by de skoalle en foarljochtingsgearkomsten oer eksperiminten mei lijnbussen en lijntaksys. Dat is dus ek al jierren itselde.

De notulen fan de gearkomsten steane kreas útwurke op in webside. Op dy webside is ek in brosjuere te finen oer Skearnegoutum en Loaiïngea, foar toeristen en rekreanten, hielendal opsteld yn lettertype Comic Sans. Hoe'tst lid wurde kinst fan Doarpsbelang en wat it kostet stiet der net by. Mar wol alle telefoannûmers fan de bestjoersleden, dus dêr komt Skearnegoutum wol út.

Der is dus in bestjoer, en op it stuit binne der twa fakatueren, neffens de webside. Ik tink net dat it in bêst betelle putsje is, om yn it bestjoer fan Doarpsbelang Skearnegoutum te sitten. En it kostet de boargers fan Skearnegoutum ek noch jild, om lid te wêzen fan Doarpsbelang.

Dat hawwe wy net yn Amsterdam. De ferkeazen minsken dy't yn de stedsdielkommisjes fan Amsterdam komme, fergaderje twa kear yn 'e moanne mei it deistich bestjoer - dat beneamd is troch de gemeenteried - en krije dêr 700 euro foar. Plus stipe fan út it stedsdiel foar harren wurk. Dat soene se yn Skearnegoutum ek wol leuk fine, tink ik. De wichtichste taak fan de leden fan de stedsdielkommisje is itselde as dy fan Doarpsbelang: prate mei boargers, en mei amtners en bestjoer fan de grutte sintrale gemeente.

Ik tink dat it foar de Skearnegoutumers hiel noflik is om te witten dat der yn dy-en-dy strjitte ien wennet dy't yn it bestjoer fan Doarsbelang sit. En dat asto in ekstra hûnetoilet op 'e Zwettewei hawwe wolst, der ien in kontakt hat by de gemeente Súdwest-Fryslân, dy't dat oanfreegje kin. Ik stel my sa foar dat foar de gemeente SWF it ek tige noflik is om yn alle doarpen, of yn alle gefallen yn Skearnegoutum, in klup te hawwen dy't wit wat der ûnder de boargers libbet. Ik haw net it idee dat de kloof tusken Skearnegoutumers en de polityk sa grut is. Hup, Doarpsbelang.

Dat is hjir al wat oars. Ik ken net ien fan de minsken dy't ik kieze koe foar Stedsdielkommisje Sintrum East. Mar goed, ik ken de minsken fan fiif huzen fierderop ek al net.

Fansels binnen der ek noch wat oare ferskillen, tusken Skearnegoutum en Amsterdam. De Stedsdielkommisje Sintrum East giet oer de ien-nei-grutste toeristyske trekpleister fan Amsterdam, nammentlik Artis, der rinne twa metrolinen troch harren stedsdiel hinne, wêrfan ien de Noord/Zuidlijn, dy't dizze simmer ride sil, en der is in enoarme hoerebuert.

Dus hawar, it is hjir miskien ek krekt wat yngewikkelder. Want dat allegearre hawwe se yn Skearnegoutum noch net."

(advertinsje)