Lokale partijen grutte winner, FNP ferliezer ferkiezingen

22 mrt 2018 - 04:08

Lokale partijen en GrienLinks binne de grutte winners fan de gemeenteriedsferkiezingen yn Fryslân wurden. De Fryske Nasjonale Partij (FNP) en de PvdA hawwe foaral sitten ferlern. De PvdA is noch wol de grutste partij yn trije Fryske gemeenten: It Hearrenfean, Harns en Skylge. It CDA en de VVD binne ridlik stabyl bleaun yn Fryslân. It CDA is yn fjouwer gemeenten de grutste partij: De Fryske Marren, Achtkarspelen, Tytsjerksteradiel en Dantumadiel.

Sukses lokale partijen

Yn fjirtjin Fryske gemeenten koe woansdei tusken 7.30 oere en 21.00 oere stimd wurde. Skiermûntseach wûn de striid om de earste ferkiezingsútslach fan Nederlân. Al om 21.13 oere hiene sy alle stimmen teld. Op Skiermûntseach en yn seis oare gemeenten waard úteinlik in lokale partij de grutste. Opfallend wie de politike ierdferskowing op It Amelân. Dêr wûn AmelandEen fiif fan de alve sitten. Op Flylân die Nieuw Liberaal Vlieland foar it earst mei en wûn fjouwer sitten. In oare tige suksesfolle lokale partij wie de Eerste Lokale Partij (ELP) yn Smellingerlân. Dy partij behelle sân sitten, in winst fan fjouwer sitten. 

Ferlies FNP

De FNP hat it net goed dien. De partij wie de ôfrûne jierren yn De Fryske Marren de grutste partij, mar ferlear fjouwer fan de tsien sitten. Yn de nije ried is it CDA no de grutste partij mei acht sitten. Ek yn Achtkarspelen (-2) en Dantumadiel (-1) ferlear de FNP sitten.

Winst GrienLinks

GrienLinks makket just in opmars yn Fryslân. De partij wûn twa sitten yn sawol De Fryske Marren as yn It Hearrenfean. Yn Tytsjerksteradiel (+1), Achtkarspelen (+1) en Smellingerlân (+1) die GrienLinks it ek goed.

Histoaryske sit PVV

De PVV hat yn de gemeente Achtkarspelen in histoaryske sit pakt. It is de earste sit foar de PVV yn in gemeenteried yn Fryslân. Fraksjefoarsitter Harrie Graansma wie licht teloarsteld mei de iene sit foar de PVV. Hy hie op mear rekkene. Achtkarspelen wie de iennige gemeente yn Fryslân dêr't de PVV meidie oan de gemeenteriedsferkiezingen.

PvdA

De PvdA ferlear in soad sitten yn ferskate gemeenten. Utsûndering wie Harns. Dêr wûn de partij ferrassend twa sitten en is no mei fiif sitten de grutste partij yn de ried. Ek yn It Hearrenfean bleau de PvdA de grutste partij, nettsjinsteande in ferlies fan twa sitten.

Hjirûnder it folsleine oersjoch fan it tal sitten fan alle partijen yn alle gemeenten:

(advertinsje)