Friezen stimme yn mearderheid tsjin sleepwet

It gros fan de Friezen hat woansdei 'nee' stimd by it riejaand referindum oer de sleepwet. Fan alle tweintich Fryske gemeenten wienen der allinnich yn De Fryske Marren, Weststellingwerf en op It Amelân en Skylge mear foarstimmers. Yn alle oare sechstjin gemeenten wie in mearderheid tsjin de sleepwet.
Sa stimde yn de gemeente Ljouwert mar leafst 62 persint tsjin. Yn De Fryske Marren, Weststellingwerf en op Skylge en It Amelân helle it ja-kamp in krappe mearderheid fan minder as fiif persint. Opfallend is dat ek yn Grinslân massaal 'nee' stimd is.
Lanlik wie der in opkomst fan sa'n 48 persint, wêrtroch't it referindum jildich is. De útslach is noch net bekend, mar tsjinstanners fan de sleepwet lykje de mearderheid te hawwen.
De sleepwet is de beneaming yn de folksmûle foar de 'Wet op de inlichtingen- en veiligheidsdiensten 2017', dy't it wurk en de taken fan de Nederlânske ynljochtinge- en feilichheidstsjinsten befettet.