FNP grutte ferliezer yn De Fryske Marren

22 mrt 2018 - 00:50

De FNP is de grutte ferliezer wurden fan de riedsferkiezingen yn De Fryske Marren. De FNP wie de grutste partij yn de gemeente, mar ferlear fjouwer fan de tsien sitten. Yn de nije ried is it CDA de grutste partij mei acht sitten.

Winst GrienLinks en NCPN

Winst wie der yn De Fryske Marren foar GrienLinks - fan ien sit nei trije sitten - en foar de kommunisten fan de NCPN; dy giene fan ien nei twa sitten.

De folsleine útslach fan De Fryske Marren op in rychje: CDA de grutste partij mei acht sitten, FNP seis sitten (-4), VVD fjouwer sitten, PvdA fjouwer sitten, GrienLinks trije sitten (+2), D66 twa sitten, NCPN twa sitten (+1), ChristenUnie ien sit, Burgerpartij ien sit. De Burgerpartij is nij yn de ried fan De Fryske Marren.

'Skop ûnder de kont'

FNP-listlûker Jan Volbeda bleau rêstich nei de 'skop ûnder de kont' fan de kiezer. "Wy hawwe de ôfrûne jierren allinnich mar groeid, groeid groeid. Dan komt der in dei dat je ferlieze. No, dy dei is hjoed." It ferlies betsjut foar Volbeda net dat de FNP automatysk yn de opposysje bedarret, mar hy lit it inisjatyf graach oan it CDA as grutste partij.

Witte hoe't Fryslân en dyn gemeente stimd hat? Folgje de útslaggejûn op de radio, op telefyzje of yn de stream yn ús live-artikel. Utslaggen, ferslachjouwers op lokaasje, analyzes en de earste reaksjes komme yn it ferkiezingsprogramma 'Fryslân Kiest' foarby.

(advertinsje)