PvdA ferliest, mar bliuwt de grutste yn Hearrenfean

© ANP
Nettsjinsteande in ferlies fan twa sitten, bliuwt de PvdA de grutste partij yn de gemeente Hearrenfean. De sosjaaldemokraten gean fan acht nei seis sitten. De VVD en it CDA winne beiden in sit en komme no op fiif sitten. De FNP (gelyk bleaun), GemeenteBelangen (-1) en GrienLinks (+2) komme no op trije sitten.
SP
De SP komt werom yn de ried mei twa sitten. Age Hartsuiker hat mei syn blanko list ek in sit pakt. Ferliezers binne D66 en ChristenUnie (beiden -1).
Witte hoe't Fryslân en dyn gemeente stimd hat? Folgje de útslaggejûn op de radio, op telefyzje of yn de stream yn ús live-artikel. Utslaggen, ferslachjouwers op lokaasje, analyzes en de earste reaksjes komme yn it ferkiezingsprogramma 'Fryslân Kiest' foarby.