ELP grutte winner yn Smellingerlân, gjin sit foar SGP

21 mrt 2018 - 23:57

De Eerste Lokale Partij is de grutte winner wurden fan de riedsferkiezingen yn Smellingerlân. De ELP krijt mar leafst sân sitten yn de nije gemeenteried, in winst fan fjouwer sitten. De ELP krijt dêrtroch ek automatysk it inisjatyf by de kolleezje-ûnderhannelingen yn Smellingerlân, want de fjouwer partijen dy't no it kolleezje foarmje (PvdA, ChristenUnie, SP en D66) hawwe yn de nije ried gjin mearderheid mear.

Lawei-affêre

De grutte winst fan de ELP hat nei alle gedachten ek alles te krijen mei de Lawei-affêre. Yn dy saak stelde de ELP him tige kritysk op en dat hawwe de kiezers blykber wurdearre. Foar partijen as de PvdA en ek foar de SP fan wethâlder Jos van der Horst wie der gefoelich ferlies yn Smellingerlân.

De folsleine útslach fan Smellingerlân op in rychje: ELP 7 stten, CU 4 sitten, CDA 4 sitten, PvdA 4 sitten, Smalllingerlands Belang 3 sitten, VVD 2 sitten, SP 2 sitten, D66 2 sitten, GrienLinks 2 sitten en de FNP 1 sit.

SGP

De SGP helle de kiesdieler yn Smellingerlân net. De SGP die yn Smellingerlân foar it earst mei, mei as doel om te striden tsjin de keapsnein.

Witte hoe't Fryslân en dyn gemeente stimd hat? Folgje de útslaggejûn op de radio, op telefyzje of yn de stream yn ús live-artikel. Utslaggen, ferslachjouwers op lokaasje, analyzes en de earste reaksjes komme yn it ferkiezingsprogramma 'Fryslân Kiest' foarby.

(advertinsje)