PVV en GrienLinks pakke ien sit yn ried Achtkarspelen

21 mrt 2018 - 23:47

De PVV hat yn de gemeente Achtkarspelen in histoaryske sit pakt. It is de earste sit foar de PVV yn in gemeenteried yn Fryslân. Ek GrienLinks komt mei ien sit foar it earst yn de ried yn Achtkarspelen.

It CDA is de grutste partij wurden yn Achtkarspelen mei seis sitten (+1). De FNP ferlear twa sitten en komt no út op fjouwer, de ChristenUnie en GemeenteBelangen krije beiden trije sitten. De PvdA komt út op twa sitten (-1). De VVD hie ien sit en dat bliuwt sa.

Achtkarspelen is de iennige gemeente yn Fryslân dêr't de PVV meidie oan de gemeenteriedsferkiezingen.

Witte hoe't Fryslân en dyn gemeente stimd hat? Folgje de útslaggejûn op de radio, op telefyzje of yn de stream yn ús live-artikel. Utslaggen, ferslachjouwers op lokaasje, analyzes en de earste reaksjes komme yn it ferkiezingsprogramma 'Fryslân Kiest' foarby. 

(advertinsje)