Politike ierdferskowing op It Amelân

Op It Amelân hat woansdei in politike ierdferskowing plakfûn. De nije politike formaasje AmelandEén is dé grutte winner by de riedsferkiezingen. Se krije yn de nije ried fiif fan de alve sitten. De oare sitten gean nei Algemeen Belang Ameland (2) en fjouwer partijen krije ien sit: VVD, CDA, PvdA, Ameland '82. It CDA ferliest twa sitten en Ameland '82 ferliest ek twa sitten.
Witte hoe't Fryslân en dyn gemeente stimd hat? Folgje de útslaggejûn op de radio, op telefyzje of yn de stream yn ús live-artikel. Utslaggen, ferslachjouwers op lokaasje, analyzes en de earste reaksjes komme yn it ferkiezingsprogramma 'Fryslân Kiest' foarby.