Mearderheid yn Ljouwert stimt tsjin sleepwet

21 mrt 2018 - 22:56

In mearderheid fan goed 62 persint hat woansdei yn de gemeente Ljouwert tsjin de sleepwet stimd. Njonken dat der yn fjirtjin Fryske gemeenten ferkiezingen foar de gemeenteried wiene, waard alle ynwenners fan Fryslân ek frege har út te sprekken yn it riejaand referindum. Dat gie oer de 'Wet op de inlichtingen- en veiligheidsdiensten 2017', dy't it wurk en de taken fan de Nederlânske ynljochtinge- en feilichheidstsjinsten befettet. De Fryske haadstêd is ien fan de earste grutte Nederlânske gemeenten dy't de útslach fan it referindum trochjûn hat. De opkomst yn Ljouwert wie 30 persint, wêrfan't 36 persint foar de wet stimde.

Ek yn Dongeradiel, Ferwerderadiel, Kollumerlân, Súdwest-Fryslân en op Flylân en Skiermûntseach wie in mearderheid fan de stimmers tsjin de sleepwet.

Referindum is jildich

Lanlik wie de opkomst foar it referindum 48 persint, wêrtroch't it referindum jildich is. De folsleine útslach wurdt pas tongersdei bekend.

Trefwurden: 
referindum Sleepwet Ljouwert
(advertinsje)