Michel Mulder en Karolína Erbanová winne Sulveren Bal

21 mrt 2018 - 22:32

De Sulveren Bal is dit jier wûn troch Michel Mulder en Karolína Erbanová. De sprint oer hûndert meter yn de Alvestêdehal yn Ljouwert is de lêste trije jier de ôfsluter fan it reedrydseizoen. Trije riders tagelyk yn de baan stride om de titel. De finale by de manlju gie tusken Jesper Hospes fan It Hearrenfean en de bruorren Ronald en Michel Mulder. Ronald Mulder waard twadde, Hospes tredde.

By de froulju stiene Erbanová, Floor van den Brandt en Femke Beuling yn de finale. Efter Erbanová waard Van den Brandt twadde en Beuling, dy't rydt foar it Gewest Fryslân, waard tredde. Ferline jier wiene Dai Dai Ntab en Floor van den Brandt de winners.

(advertinsje)