Plysje warskôget foar malafide panneferkeaper yn Ljouwert

21 mrt 2018 - 22:17

De plysje fan Ljouwert warskôget op Facebook en Twitter foar in malafide ferkeaper fan pannesets. De man soe minsken op strjitte oansprekke en harren dernei nei hûs folgje. Dêr rint er sels mei yn de hûs en giet like lang troch oant de slachtoffers de panneset keapje foar in fierste hege priis. Neffens de plysje soe de oplichter mooglik earder ek yn Drinte aktyf west hawwe.

Trefwurden: 
panneferkeaper
(advertinsje)