Matthäus Passion yn Dokkum foar it earst op kariljon

21 mrt 2018 - 21:57

Freed sil net allinnich de Matthäus Passion foar it earst yn it Frysk opfierd wurde yn Dokkum. Dan klinkt ek tusken 7 en 8 oere jûns foar it earst de Matthäus Passion op in kariljon. Ek aria's fan de Johannes Passion sille te hearen wêze op it kariljon fan it gemeentehûs yn de stêd.

Beiaardier Auke de Boer fan Kollumersweach hat de partitueren fan Bach sa oanpast dat se op it klavier mei de stokken te spyljen binne. Letter sil De Boer de stikken op it kariljon fan de Martinitoer yn Grins spylje.

(advertinsje)