Skiermûntseach wint striid om earste ferkiezingsútslach

Skiermûntseach is woansdeitejûn de earste gemeente yn Nederlân dy't de stimmen foar de gemeenteriedsferkiezingen teld hat. Skier makke trettjin minuten nei it sluten fan de stimbussen de útslach bekend. De partij Samen Voor Schiermonnikoog waard de grutste mei 310 stimmen. De opkomst op Skiermûntseach wie 83 persint.
Mei-inoar brochten 661 fan de 801 stimberjochtigen in jildige stim út. Dit is de folsleine útslach fan Skiermûntseach: 1. Ons Belang, 181 stimmen, Samen voor Schiermonnikoog, 310 stimmen en Schiermonnikoogs Belang, 157 stimmen. De gemeente is noch dwaande om de krekte ferdieling yn sitten út te rekkenjen. Op Skiermûntseach diene allinnich lokale politike partijen mei.
Flylân presintearre woansdeitejûn as twadde Fryske gemeente in útslach, krekt nei Skiermûntseach. De útslach waard buorkundich makke troch boargemaster Tineke Schokker. Nieuw Liberaal Vlieland waard hjir mei 274 stimmen de grutste partij. Nieuw Liberaal Vlieland is yn it plak kaam fan de VVD. De lanlike liberale partij is koartlyn fan it eilân ferdwûn. Nieuw Liberaal Vlieland krijt 4 sitten yn de nije gemeenteried, likefolle as de VVD de ôfrûne perioade. Groen Wit krige 222 stimmen en komt no op trije sitten yn de ried, in winst fan ien sit. Algemeen Belang Vlieland krige 102 stimmen en ferlear in sit. Dizze partij krijt no 2 sitten yn de nije ried.
Witte hoe't Fryslân en dyn gemeente stimd hat? Folgje de útslaggejûn op de radio of yn de stream yn ús live-artikel. Utslaggen, ferslachjouwers op lokaasje, analyzes en de earste reaksjes komme yn it ferkiezingsprogramma 'Fryslân Kiest' foarby. Fan 22.00 oere ôf is it programma ek op telefyzje te sjen.