Sven Lemke fan Aris spilet trije wike yn België

21 mrt 2018 - 19:58

Arisspiler Sven Lemke makket fuortendaliks de oerstap nei it Belgyske Sijsele. Hy sil trije wiken lang útkomme foar de Belgyske klup. Dêrnei komt er werom by de Ljouwerters. Sijsele stiet op it stuit boppe-oan yn de tredde 'Belgische Nationale' en wol promovearje nei de twadde. Se hiene dêrfoar in saneamde startende center nedich en kamen doe by Lemke út.

Om't de kompetysje yn België noch mar trije wiken duorret, woe Aris wol meiwurkje mei de tydlike oerstap. Neffens coach Tony van den Bosch is it in unike kâns foar Lemke. Hy winsket him dan ek in soad sukses.

Trefwurden: 
Sven Lemke Aris basketball
(advertinsje)