Ferbjustering yn Burgum: "Afganistan is net feilich"

GrienLinks yn de gemeente Tytsjeksteradiel is ferbjustere oer in útspraak fan de Ried fan Steat. Dy hat bepaald dat asylsikers werom kinne nei Afganistan, omdat dat lân feilich genôch is. De saak wie foarbrocht troch in útprosedearre asylsiker út Afganistan. Hy wol net werom, omdat er tinkt dat de feiligenssituaasje yn syn lân sa min is, dat er gefaar rint.
GrienLinks-riedslid Brigitte Scheepsma fan Tytsjerksteradiel is njonken ferbjustere ek oandien en lilk oer it beslút fan de Ried fan Steat. Sy kin har goed foarstelle dat it beslút by Afganen yn Burgum foar ûnrêst soarget.
De gemeenteried fan Tystjersteradiel hat ein jannewaris unanym besletten gjin asylsikers nei Afganistan út te setten, omdat it net feilich is. Neffens in moasje fan GrienLinks, PvdA en ChristenUnie mei dat pas wer as it regear yn Den Haag offisjeel bepaalt dat it feilich is yn Afganistan. De útspraak fan de steatsried fan no feroaret neat oan dy situaasje, seit Scheepsma.