Hieltyd mear brêgen wurde sintraal betsjinne

22 mrt 2018 - 10:00

It wettersportseizoen stiet foar de doar. By de provinsje meitsje se harren op foar in flotte betsjinning fan de brêgen yn Fryslân. Dat giet hieltyd mear automatysk en sintraal. Yn it Swettehûs oan it Van Harinxmakanaal yn Ljouwert wurde fjouwer brêgen yn Fryslân betsjinne. Op termyn sille hjirwei 40 brêgen fan net allinne provinsje, mar ek gemeenten betsjinne wurde.

De brêgewipper is hjoed-de-dei in ferkearslieder dy't tagelyk meardere brêgen iepen en ticht dwaan kin. It liket definityf dien te wêzen mei de brêgewipper en syn klompke. It wettersportseizoen begjint dit jier in wike earder as gewoanwei fanwege de komst fan de Dútske toeristen dy't dan al fakânsje ha.

De sintrale betsjinning sit no noch yn in tydlik ûnderkommen, mar komt op termyn yn in nij gebou. It totale projekt kostet 20 miljoen euro.

Trefwurden: 
brêge betsjinning Swettehûs
(advertinsje)