Boargerinisjatyf foar Frysk kin noch wol hantekeningen brûke

21 mrt 2018 - 17:43

It Europeesk boargerinisjatyf foar de beskerming fan minderheidstalen rint yn Fryslân noch net stoarm. Oant no ta hawwe 2500 Friezen it Minority Safe Pack online ûndertekene. Yn hiel Europa hawwe mear as 900.000 minsken harren hantekening set. Noch twa wiken lang kinne hantekeningen set wurde. Pier Bergsma fan de Ried fan de Fryske Beweging hat der wol betrouwen yn. De ried hat ek noch hantekeningen op papier te lizzen en minsken kinne noch stimme.

It boargerinisjatyf hat as doel alle 50 miljoen minsken te beskermjen en te stypjen dy't yn de Europeeske Uny in minderheidstaal prate. It inisjatyf moat safolle mooglik ûndertekeners hawwe om jildich wêze te kinnen. It hat op syn minst ien miljoen hantekens nedich. Yn Nederlân leit de drompel op 19.500. Dy liket net helle te wurden, mar de drompel is yn sân oare lidsteaten wol helle. 

De Europeeske organisaasje dy't it boargerinisjatyf opset hat, de Federal Union of European Nationalities (FUEN), hat op nasjonaal nivo al in rol spile. seit Pier Bergsma fan de Ried fan de Fryske Beweging. Hy neamt it mooglik ferdwinen fan de rjochtbank út Ljouwert en it opgean fan Omrop Fryslân yn in gruttere, lanlike of regionale organisaasje. It FUEN hat dêr protestbrieven oer stjoerd om dit tsjin te gean.

(advertinsje)