Earste ljipaai yn Opsterlân fûn

21 mrt 2018 - 17:24

Symen Abe Hoekstra hat woansdeitemoarn om 11.00 oere it earste ljipaai fan de gemeente Opsterlân fûn. De 48-jierrige ynwenner fan Koarnjum trof it aai oan by de Riperwâlden yn De Tynje. Boargemaster Ellen van Selm rikt woansdeitejûn de oarkonde en it finerslean út oan Hoekstra. Dat docht se op de ferkiezingsjûn yn de gemeente.

Yn trije oare gemeenten binne tiisdei ek earste ljipaaien fûn: De Fryske Marren, Weststellingwerf en Kollumerlân.

(advertinsje)