ArtHotel yn Easterwâlde iepenet de doarren

23 mrt 2018 - 06:01

Sliepe tusken de fûgels of yn in knalblauwe keamer: it kin no yn it ArtHotel yn Easterwâlde. Dat iepenet freed offisjeel de doarren. Yn in leechsteande ôfdieling fan ferpleechhûs Stellinghaven binne trije keunstkeamers makke, troch de keunstners O.C. Hooymeijer, Age Hartsuiker en Sigrid Hamelink.

It is de bedoeling dat it hotel yn 'e takomst útwreidet nei tsien keunstkeamers, mar hjir moat earst noch finansiering foar fûn wurde. Dat wie gjin reden foar it hotel om te wachtsjen mei de iepening, want it is fansels wol it jier fan kulturele haadstêd. ZuidOostZorg is bliid mei it hotel yn harren ferpleechhûs. Se hoopje op mear aksje yn it tehûs. Fierder kin elkenien dy't wol, op bepaalde tiden, de keamers en de rest fan de ôfdieling besjen as eksposysje.

(advertinsje)