Melkfeehâlders net ûnder yndruk oprop: we brûke nêstpanne al

21 mrt 2018 - 16:45

Leden fan Nederlandse Melkveehouders Vakbond brûke de troch de provinsje oanpriizge nêstbeskermers al lang, seit foarsitter Harm Wiegersma fan it fakbûn. Deputearre Johannes Kramer rôp de organisaasje op om oan te sluten by de kampanje "Grutsk op Greidefûgels" wêrby't in spesifyk soart nêstbeskermers sintraal stiet.

NMV-foarsitter Wiegersma liket net al te bot ûnder de yndruk fan de oprop. Neffens him is dizze nêstpanne foar gebrûk fan de sleepslang troch ien fan syn leden betocht. Syn organisaasje stiet ek achter it gebrûk derfan. Mar der is wol in grut ferskil fan miening oer de romte dy't der wêze moat foar de bestriding fan rôfbisten. De NMV wol dêryn folle fierder gean as de provinsje.

(advertinsje)