Beswier tsjin bou fontein Boalsert ôfwiisd: bou kin los

De bou fan de flearmûzefontein yn Boalsert kin los. De rjochter hat it beswier fan in omwenner tsjin de bou oan de kant skood. Neffens de omwenner soe de bou fan de fontein op it Broereplein soargje foar in ferkearsûnfeilige sitewaasje en soene der in soad parkearplakken ferdwine. De rjochter is it dêr net mei iens. Neffens him ferdwynt mar ien parkearplak en bliuwt it plein rom genôch.
De gemeente lit witte no sa gau mooglik los te wollen mei it wurk. Doel is om de fontein en it plein klear te hawwen foar 18 maaie. Dan soe de fontein neffens it oarspronklike plan fan it LF2018-projekt 11 Fountains ûntbleate wurde moatte.