Ferkiezingen: opkomstsifers om 15.00 oere

21 mrt 2018 - 16:25

De opkomst foar de gemeenteriedsferkiezingen yn Fryslân lei om 15.00 oere gemiddeld krekt boppe de 30 prosint. De heechste opkomst waard metten op Skiermûntseach, dêr't 54 persint nei de stimbus gie. It leechste lei de opkomst yn Achtkarspelen, dêr't 24 prosint fan de minsken stimde. De Waadeilannen skoare tradisjoneel heech en ek dit jier is dat wer sa. It Amelân, Skylge en Flylân lizze allegear sa om de 40 prosint hinne.

By de measte stimburo's leit de opkomst foar de riedsferkiezingen heger as dy foar it referindum oer de nije ynljochtingewet, útsein op Skier. Dêr skoart it referindum 4 persint heger as de riedsferkiezingen. Nei alle gedachten komt dat troch de toeristen dy't op it eilân binne. Dy kinne wol stimme foar it referindum en net foar de ried.

De sifers om 15.00 oere:

Skiermûntseach 54%
It Amelân 42,5 %
Skylge 40.1 %
Flylân 39%
Smellingerlân 35%
Tytsjerksteradiel 29%
Harns 28,8%
Dantumadiel 25%
Achtkarspelen 24%
Eaststellingwerf 26,4%
Weststellingwerf 25%
Opsterlân 27%
Fryske Marren 26%
It Hearrenfean 18,13% (13.00)

(advertinsje)