Troch sykte moat evangelist yn in wike Fryske Matthäus leare

Peter Gijsbertsen is de nije evangelist yn de Fryske Matthäus Passion. Binnen in wike moat er hjirfoar de Fryske tekst leare. De oarspronklike evangelist, Benjamin Glaubitz, hat him in pear dagen lyn siik meld. Doe moast yn sân hasten in oar fûn wurde. Artistyk lieder Marcel Mandos fan it Noord Nederlands Orkest is bliid dat it slagge is om in oare evangelist fêst te lizzen.
"Het was enorm spannend om binnen zo'n korte tijd een hele goede tenor te vinden, die nog beschikbaar is om deze dragende partij te zingen. Laat staan ook nog het Fries zich eigen te maken'', seit Mandos.
Spesjaal foar Leeuwarden-Fryslân 2018 wurdt de Matthäus Passion yn it Frysk songen. De oarspronklike tekst is oerset troch Peter Sijbenga. It Noord Nederlands Orkest jout fan tongersdei ôf fiif konserten yn Fryslân en ien yn Grins.