FIDEO: Fryslân rekket syn bedriuwen kwyt

21 mrt 2018 - 17:45

Hieltyd faker ferdwine Fryske bedriuwen en komme se yn nasjonale of ynternasjonale hannen. Friesland Foods, Friesland Bank en sûnt koart heart ek soarchfersekerder De Friesland by dit rychje. Hoe slim is dat? Rekket Fryslân hjirtroch in stik fan de identiteit kwyt? Yn Fryslân Hjoed fertelt Marijn Molema fan de Fryske Akademy oft we fjochtsje moatte foar it behâld fan dizze bedriuwen. En Martin Cnossen fan MerkFryslân sit ek oan tafel. Hy hat in dúdlike fyzje op hoe't it yn de takomst moat: mear fokusje op lytsere bedriuwen.

Oernames

Marijn Molema erkent dat it ferdwinen fan Fryske bedriuwen in gefaar is foar de wurkgelegenheid yn Fryslân. Yn de ôfrûne tsien jier binne trije grutte Fryske bedriuwen oernaam of fusearre. Yn 2008 fusearre suvelbedriuw Friesland Foods mei Campina. Fjouwer jier letter gie de Friesland Bank oer yn de Rabobank. En op dit stuit is der grien ljocht om soarchfersekerder De Friesland opgean te litten yn Achmeadochter Zilveren Kruis.

Grutsk

"Het is altijd jammer als oude bedrijven moeten stoppen of verhuizen naar buiten de provincie. Daarmee verdwijnt het eigen karakter, gaan de instellingen op in grote verbanden en verdwijnt inderdaad een stuk Friese trots", seit Molema. Mar dit betsjut neffens Molema net dat je hjir oan fêsthâlde moatte: "Vasthouden aan het oude is nooit een recept voor de toekomst." Hy seit dat der just in hiel soad goede saken foar de bedriuwen yn it plak komme: "Neem voorbeeld Dairy Campus, een onderzoek- en innovatiecentrum voor de melkveehouderij, gevestigd in Friesland. Het zijn kansen waardoor de provincie meer verbindingen heeft met andere delen van de wereld en zich internationaal nog beter kan profileren met sterke sectoren, zoals de zuivel".

Lytsere bedriuwen

Martin Cnossen seit just dat Fryslân tefolle rjochte is op it behâld en it binnen heljen fan 'grutte fisken'. Dêrom wurdt te min enerzjy stutsen yn de lytsere bedriuwen. "Wylst dat hiel goed past by de provinsje en it biedt in soad kânsen. Sa kinne minsken hjir yn Fryslân foar in goede priis in hûs keapje, is de kwaliteit fan wenjen ek goed en is der in goede ynfrastruktuer kwa ferkear en fia ynternet", seit Cnossen.

Boomsma

It distillearbedriuw Boomsma is dêr in goed foarbyld fan. Yn dizze tiden fan globalisearring binne minsken op syk nei harren roots en dêr makket Boomsma gebrûk fan. Eigener Chantoine Boomsma: "Logistyk sjoen is it folle handiger om bygelyks yn it midden fan it lân te sitten, mar yn Ljouwert sitte, is ús krêft." Fryslân hat neffens Boomsma bûten de provinsje in goede namme en dat sette sy yn. "Yn Amearika ferkeapje wy bygelyks ek in soad. Wy ha in produkt, mar ek in ferhaal mei in histoarje, in eigen taal en kultuer. Dêrmei ûnderskiede wy ús en dat fine de Amerikanen moai."

Provinsje oan set

Neffens Cnossen moat provinsje Fryslân in plan betinke sadat de provinsje har wapenje kin tsjin grutte skokken lykas de resesje en it fuortlûken fan bedriuwen. En dat leit by de MKB-bedriuwen sa as Boomsma. "Om dy bedriuwen hjir te krijen, moatte we net yn Fryslân sykje, mar yn it westen fan it lân. Dêr moatte we yn netwerken stappe en partijen sjen litte wat yn Fryslân allegear mooglik is", seit Cnossen.

Ek Molema sjocht dat de takomst leit by de MKB, mar ek by gearwurkjen. "Bedrijven als het Kennis- en Innovatiehuis Noordoost Fryslân geven het goede voorbeeld. Ze richten zich op bestaande MKB-bedrijven in Friesland en versterken daarmee de provincie."

Trefwurden: 
bedriuwen
(advertinsje)