Skoallen yn gemeente Waadhoeke bliuwe bestean

21 mrt 2018 - 15:17

Alle basisskoallen yn de gemeente Waadhoeke kinne sa't it no liket foarearst bestean bliuwe. Boargemaster en wethâlders hawwe de gemeentlike opheffingsnoarm fêststeld op 44 learlingen. Dy noarm betsjut dat der gjin ekstra skoallen ticht hoege.

De nije opheffingsnoarm moast fêststeld wurde fanwege de weryndieling. De eardere gemeenten hiene allegearre oare opheffingsnoarmen. Yn Littenseradiel lei dy op 28 learlingen, yn Menameradiel op 56. It Bilt en Frjentsjerteradiel hâlden in opheffingsnoarm oan fan 36 en 53 learlingen. De nije noarm is fêststeld nei goed oerlis mei alle skoalbestjoeren, sa meldt de gemeente Waadhoeke.

Trefwurden: 
Waadhoeke skoalle
(advertinsje)