Ljouwerter stimburo hat lêst fan stroomsteuring

Minsken dy't woansdei stimme by stimburo Het Nieuwe Hoek yn Ljouwert kinnen dat samar yn it tsjuster dwaan moatte. De stroom foel dêr út, neidat de frijwilligers in blowerkachel oanset hienen. Yn it leechsteande fersoargingshûs wie it stimburo earst yn de hal ynrjochte. Dêr wie it lykwols te kâld, sadat alles ferpleatst waard nei in kantoarke.
Om it dêr dochs wat op te waarmjen, is dêr in kachel delset. Dy naam safolle stroom dat alles útfoel. It hat ûngefear in healoere duorre, foardat mei ferlingkabels it ljocht wer oan koe. Ek de kachel stiet de hiele dei noch oan. De stroom kin dus sa wer útfalle.