Oerterper moat him fan rjochter behannelje litte

© Omrop Fryslân, Joris Kalma
In 51-jierrige man út Oerterp moat him fan de rjochter melde by ferslavingssoarch en him behannelje litte oan syn metadongebrûk. Hy krige boppedat in wurkstraf fan 80 oeren ûnder betingst. De man hie yn jannewaris mei in bile de tafel fan syn freondinne fernield en har mei in koefoet bedrige. Yn desimber hie de man mei de bile in rút fan har hûs oan de Ikewei fernield, doe't de frou him der net yn litte woe. De man woe neffens eigen sizzen guod fan him ophelje, dat noch by syn freondinne yn 'e hûs lizze soe.
De man wennet yn de krisisopfang yn Burgum en hat nettsjinsteande alle rebûlje noch hieltyd in relaasje mei de frou. De eask fan de offisier fan justysje wie foaral op rjochte om foar te kommen dat der op 'e nij problemen ûntstean sille.