IepenUP oer 'ontspullen'

IEPENUP
'Ontspullen': hjoed-de-dei is dat in wiere trend. De term seit it al; 'ontspullen' is fuortdwaan fan alle lúkse spullen en it sa duorsum mooglik libjen. Dat is it tema fan IepenUP dizze wike. Elkenien is wolkom yn poppoadium Neushoorn om mei te praten en meisjen kin fansels ek online fan 20.00 oere ôf fia de livestream hjirboppe.

Wat is no écht wichtich

Ek is der in breed skala oan minsken dy't te gast binne om mei te praten oer it duorsum en sirkulêr libjen. Maaike Fris helpt minsken om te 'ontspullen' en te hâlden wat wol belangryk is. Marjolein Jonker, bewenster fan in Tiny House én ambassadeur fan de Tiny House Movement. Direkteur fan Omrin, John Vernooij. En ek opromterapeut Tea Rodenburg en anty-stress terapeut Thirza Gielissen komme oan it wurd om oer harren spesjalisme te praten.

Alles kin yn IepenUP

Diskusje, optredens, lêzingen, fideo's en muzyk; yn de wyklikse talkshow IepenUP yn poppoadium Neushoorn kin alles. Alle woansdeis steane yn it programma de aktualiteiten yn de wrâld sintraal; hoe libje wy mei syn allen, watfoar subgroepen meitsje dêr diel fan út en hoe soargje wy derfoar dat wy inoar faker moetsje en better begripe? Dat binne saken dy't oan bar komme yn IepenUP.
Elkenien kin oanwaaie komme en meidwaan oan de diskusjes yn kafee De Backstage yn poppoadium Neushoorn. It programma set alle woansdeis om 20.00 oere útein en is ek te folgjen fia Omropfryslan.nl en de Facebookside fan Omrop Fryslân. Mear ynformaasje oer IepenUP is te finen op harren Facebookside. IepenUP is in inisjatyf fan Omrop Fryslân, Tresoar en Neushoorn Café en LF2018.