Hearrenfeantrainer Michel Vonk nei dit seizoen fuort

21 mrt 2018 - 13:28

It kontrakt fan assistint-trainer Michel Vonk fan SC Hearrenfean wurdt nei dit seizoen net ferlinge. Dat is besletten nei goed oerlis, sa meldt de fuotbalclub op de webside. Vonk is sûnt ferline jier assistint-trainer by Hearrenfean. Dêrfoar wie er haadtrainer fan Telstar.

Technysk manager Gerry Hamstra seit: "We hebben besloten allebei een andere weg in te slaan. We zijn Michel dankbaar voor zijn inzet en betrokkenheid en wensen hem veel succes in zijn verdere trainerscarrière na dit seizoen.''

(advertinsje)